Krite Makkum spannend en benearjend

Makkum - Begraffenisûndernimmer David Visser
is yn syn iepeningswurd rjocht foar de raap. It wurdt in topjûn foar him.
En hy krijt gelyk. Want yn it nije stik ”Bûnzjen fan boppen” fan de
Makkumer Krite wurdt nochal ris ien omlein. Yn ‘e boppeseal fan ”de
Prins” is in sobere húskeamer ynrjochte dy’t fuortdaliks in sfearke
opropt út de ferneamde boeken fan misdiedskriuwster Agatha Christie.
Njonken de bank, in lyts kastke en noch in drankkaske bliuwt der krekt
genôch romte oer foar de spilers. It portret oan de muorre is tekenjend
en de mysterieuze muzyktoanen op de éftergrûn makket it sfearke
kompleet. De moarden yn it stik ha foaral te krijen mei haadrolspylster
Mathilde (Zus Boonstra) dy’t har sike mem fersoarget. In swiere rol
wêryn se sûnder genede al har sibben ien foar ien út ‘e wei rommet. Zus
spilet har rol mei safolle oertsjûging dat al it moardzjen hast
fanselssprekkend is. Alles hat se tarieden mei har freon Richard (Minne
Zwaagstra), harren húsdokter dy’t syn senuwen amperoan de baas kin.
Hyltyd moat er him wer ynbine as Mathilde yn syn eagen te folle los lit
nei oaren ta. Want Mathilde nimt wraak op har famylje foar wat har
eartiids oandien is en se is net fan doel fan dy plannen ôf te wiken. De
Mem fan Mathilde lit har hearre troch te bûnzjen op ‘e sliepkeamerflier,
sa faak dat it ek yn Mathilde har holle begjint te bûnzjen. Mathilde hat
frjemd folk yn de famylje. Har broer Bruno (spile troch Jaap Zwaagstra)
is sjirurch en betiden knetterstoned fan de drugs. Hy leit yn skieding
mei (de treflik sminkte) Eugenie (spile troch Ankie Horjus). Mathilde
har suster Simone (Atje Roorda) is troud mei Berend (Johannes Terpstra)
dy’t net ûnder stuollen en banken stekt dat der ek nei oare froulju
sjocht. Allegearre ha sy mar ien doel foar eagen, it testamint fan Mem.
Se kinne hast net wachtsje dat Mem de eagen foargoed slute sil. Berend
en Simone binne de earste slachtoffers fan Mathilde en Richard.
Stadichoan ûntjout it stik him as in spannende triller en krijt it mei
al dy moarden in benearjende ynslach. Janneke Grijpma krûpt yn ‘e hûd
fan resjersjeur Singer (wer in komplimint foar de grime-froulju) Richard
hat hâlden en kearen mei har en kin har op it lêst wol ta de doar útsjen.
Hoewol Mathilde alle war docht om sa loftich mooglik oer de situaasjes
te filosofearjen steapelt it deadetal him mear en mear op. ......
Lees verder in de Makkumer Belboei
Afscheidsgeschenk gemeente Wûnseradiel
Witmarsum - Als er op 1 januari 2011 een einde
komt aan de periode Wûnseradiel, krijgen alle huishoudens van de
gemeente een geschiedenisboek van Wûnseradiel, heel lang geleden
Wildinghe geheten. In eerste instantie werd de Fryske Akademie benaderd
om een boek te maken wat ook echt iets te vertellen had over de
geschiedenis van deze gemeente. Zij zagen geen kans om op zo’n korte
termijn een boek over de geschiedenis samen te stellen. De gemeente werd
toen benaderd door Klaas Jansma van PENN communicatie uit Leeuwarden.
Hij zorgt voor een goede eindredacteur en zal zorgen dat er goede
auteurs aan het boek gaan werken. Van de redactiecommissie maakt ook
burgemeester Theunis Piersma deel uit. Naast dit geschiedenisboek zal er
een stripboek gemaakt worden door Aart Cornelissen en Otto Gielstra. Dit
boek krijgt de titel ”It Segel fan Wildinghe”. Het stripboek is bedoeld
voor de twee hoogste klassen van de basisscholen. Het .......
Lees verder in de Makkumer Belboei |
Archief Makkumer Belboei
nummer 1277 25 februari 2009
Index:
Krite Makkum spannend en benearjend
Onder de naam ”Kwesties” staat eerste avond de ‘Grote Buren’
centraal
Kunstroute Wûnseradiel vernieuwend
Brug- en sluisgelden voor Makkum
Afscheidsgeschenk gemeente Wûnseradiel
Multifunktioneel Complex It Fliet te Witmarsum
Wonininginbraak
Teruggebracht en weer weggehaald
Witmarsumer zangdag 2009
Septemberpop goes Aprés-ski
Bands Onomatopoeia en Emote in Jeugdsoos De Doofpot te Witmarsum
Gezocht enthousiaste roeiers en stuur
40 dagen tijd
Zaalvoetbaltoernooi caravangroepen uit Wûnseradiel
Start inenting tegen baarmoederhalskanker
Verloting voor spierziekte ALS bij bijzondere Oerpolderloop
Inleveren kopij
|