Eigen hiemside FNP Wûnseradiel yn de loft
WûnseradielIn politike partij kin tsjintwurdich net mear sûnder eigen hiemside op it Ynternet. Ynternet is fierwei de bêste manier om de efterban goed op de hichte hâlden mei aktuele saken. Kranten,
parseberjochten, neat wurket sa fluch as it WWW en boppedat is it yn ferhâlding goedkeap. Hoewol’t der
al langer plannen bestiene, is mei de ferkiezings yn it sicht even goed trochpakt. Der is in eigen URL
risservearre (fnp-wunseradiel.nl). Liskje Flapper is beneamd ta webmaster(ske) en der is kontakt
opnommen mei minsken yn de FNP, dy’t kennis fan saken hawwe. In tal frijwilligers is oan de slach
gien. It definitive ûntwerp waard basearre op de tige dúdlike hiemside fan de ôfdieling Dantumadiel en alle
beskikbere skriftlike ynformaasje waard selektearre op geskiktens foar de hiemside. De ôfdieling woe de
nije hiemside noch foar de ferkiezings yn ‘e loft hawwe en dat is krekt slagge. De
ferkiezings yn ‘e loft hawwe en dat is krekt slagge.
U vindt de link naar de
website op de pagina Gemeenteraadsverkiezingen Nieuws
FNP Wûnseradiel tsjin
weryndieling
Wûnseradiel - De FNP-ôfdieling Wûnseradiel
sprekt har dúdlik út tsjin weryndieling fan de gemeente.
Listoanfierder Lucy Postmus hat har fernuvere oer de lûden fan
de provinsje benammen dy fan deputearre Ploeg oer weryndieling.
De finânsjes fan de gemeente
binne op oarder, de bestjoerskrêft is goed en der is dochs neat
mis mei lytsskaligens? Om midden yn de mienskip te stean en de
belangen fan de boargers te behertigjen moat in gemeente net te
grut wêze wat it tal ynwenners, doarpen en grûngebiet
oanbelanget.
In fúzje fan Wûnseradiel, Littenseradiel en Boalsert soe liede
ta in gemeente fan 56 doarpen en ien stêd. Dat komt de
ynwenners fan Wûnseradiel net te’n goede
FNP ûnder oanfiering fan
riidslid Lucy Postmus
Wûnseradiel - De top fiif
fan de FNP, ûnder oanfiering fan sittend riidslid Lucy Postmus,
stie al fêst foar de de gemeenterieferkiezings fan 7 maart. Op
12 janewaris binne de oare âlve kandidaten fêststelt. De FNP
is tige
ynnommen mei harren beskiberens foar de list. Op de
kandidatenlist staene acht froujle en acht manlje. Ferdield oer
de ferskillende doarpen fan Wûnseradiel, elk mei harren eigen
ynbring foar it doarp, ferieningen, muziek en kultuur en in
ferskaat oan meiwurkje yn it maatskippelik libben. Lucy Postmus
út Wûns, 2. Liskje Flapper út Burchwert, 3. Joep Bergsma en
4. Feddie de Boer beide út Makkum, 5. Piet Stuiver út Lollum,
6. Jan
Blanksma út Tsjerkwert, 7. Eppie Otter út Wytmarsum, 8. Djoke
Attema fan’e Himert, 9. Jehannes Dykstra út Tsjerkwert, 10.
Tryntsje Lijcklama à Nijeholt út Skettens, 11. Sytze Ybema út
Ferwâlde, 12. Coby Postmus út Lollum, 13.Anneke Feenstra út
Tsjerkwert, 14. Maaike van Dijk- van der Gaast út Koarnwert,
15. Tineke Algra-Feenstra út Wytmarsum en 16. Roel Nooitgedagt
út Makkum
|
FNP en de top fiif foar de ferkiezings
Wûnseradiel - De FNP
Wûseradiel hat op de 12e desimber yn harren ledengearkomste de
top fiif fan de kandidatenlist foar de gemeenteriedsferkiezings
fan 2005 fêststelt. Lucy Postmus út Wûns lûkt de list wer
oan, fan 1994 oant en mei 1998 en sûnt 2002 sit sy yn
de rie. Sy wurdt folge troch Liskje Flapper út Burhwert dy’t
no ek al fjouwer jier mei draait yn de kommisje grûngebiet en
aktyf is yn de fraksje. Joep Bergsma en Feddie de Boer nimme
ferfolgens harren plak op trije en fjouwer yn, sy binne warber
foar de kearn mei pit yn
Makkum. Op fiif stiet Piet Stuiver út Lollum, al jierren aktyf
as fraksje meiwurker foar de rie, foaral oer grûnsaken en bestimmimgsplannen yn de doarpen. Yn de
ledengearkomste op 12
janewaris 2006 sil oer it ferfoch fan de list stimt wurde.
|