Makkumer Belboei Debútroman Meindert Talma yn it Frysk

Debútroman Meindert Talma yn it Frysk

Utjouwerij Regaad

By Utjouwerij Regaad ferskynt op 27 febrewaris in nije oersetting: Damje mei ome Hajo. It is de Fryske oersetting fan Meindert Talma syn debútroman út 1999. It boek beskriuwt de jeugd fan Meindert Talma yn de jierren ’70 en ’80 yn ’e Wâlden. De tiidsgeast en sfear út dy krite wurde beskreaun mei de ûnderkuolle humor dy’t it wurk fan Talma typearret. De Fryske oersetting is fan Anne Popkema.

Meindert Talma sit dit jier 25 jier yn it artystefak. Tagelyk mei syn boeken bringt er ek altiten in muzykalbum út. Talma fiert syn artystejubileum troch by it Grinzer poppodium Vera op njoggen konsertmiddeis, ferdield oer it hiele jier, syn hiele muzikale oeuvre yntegraal te spyljen. Op sneintemiddei 27 febrewaris trapet Talma ôf mei de beide albums Leave Stumper (2001) en Dammen met ome Hajo, dat tagelyk mei syn debútroman ferskynd is, yn 1999. By dizze gelegenheid is ek de Fryske oersetting te keap. De ferkeappriis is €15.

 

De cover fan Ome Hajo troch Meindert Talsma yn in oersetteng fan Anne Popkema.De cover fan Ome Hajo troch Meindert Talsma yn in oersetteng fan Anne Popkema.

 

.