Wethâlder Petra van den Akker hat symboalysk de earste Lêskoffer yn ûntfangst., Makkumer Belboei

Wethâlder Petra van den Akker hat symboalysk de earste Lêskoffer yn ûntfangst.

...ûnder in feestlike ôftraap op ’e Sint Martinusskoalle yn Makkum...

Redactie Makkum 05-09-2022

De Fryske Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra is úteinset oan de lêste grutte toernee fan har amtstermyn. Se besiket mar leafst 40 skoallen yn de Gemeente Súdwest-Fryslân, dy't allegearre fan harren gemeente de 'Lêskoffer' fol Fryske berneboeken krigen hawwe!

Ofrûne freed wie de ôftraap op de RK Daltonschool Sint Martinus yn Makkum. Ut namme fan de gemeente wie de Wethâlder Petra van den Akker oanwêzich om de lêskoffer yn untfangst te nimmen. Meikoarten wurdt ek bekend wa't de funksje fan Berneboeke-ambassadeur fan Lida Dykstra oernimt.

Op de foto Lida Dijkstra(lofts) en Wethâlder Petra van den AkkerOp de foto Lida Dijkstra(lofts) en Wethâlder Petra van den Akker